Bom ûnder Keninginnedeifiering

Plysjeminsken yn aksje
De plysje Fryslân driget de fiering fan Keninginnedei yn Makkum en Frjentsjer op te blazen as der gjin ljocht komt yn it cao-konflikt. Tiisdeitejûn praten de plysjebûnen yn Amsterdam mei inoar.
De minister krige dêr in ultimatum oplein om de bûnen foar 7 maart temjitte te kommen. Docht se dat net dan wurdt der op Keninginnedei staakt en giet de fiering sa goed as seker net troch.