Huistra hâldt op by Vitesse

26 feb 2008 - 18:17
  • Pieter Huistra seit ta te wêzen oan in nije útdaging

Pieter Huistra hâldt oan de ein fan dit seizoen op as assistint trainer by fuotbalclub Vitesse. Hy hat dat beslút sels nommen. Huistra wol graach fierder as haadtrainer by in moaie club yn Nederlân. Dat kin neffens him ek yn de earste divyzje wêze.

Huistra spile yn it ferline ûnder oaren foar Grins, FC Twente, Glasgow Rangers en Lierse SK. Oan de ein fan dit seizoen is hy trije jier yn tsjinst west by Vitesse.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)