Fryske bern nei EK fuotbal

Fryske bern krije tiisdei de kâns op It Hearrenfean om mei te dwaan as ballejonge of -famke oan it EK of sels oan it WK fuotbal .
By it trainingskompleks Skoatterwâld op It Hearrenfean komme de bern út Fryslân, Grinslân en Drinte byelkoar om de striid oan te gean. Fan de 240 bern wurde sa'n fjirtich útkeazen dy't nei de lanlike finales foar ballejonge of -famke gean.