Top 10-hit foar Syb

Syb hat mei ´Als ik jou zie´ in top 10 hit te pakken (foto Martin de Jong)
Syb_van_der_Ploeg hat mei syn nije single ´Als ik jou zie´ in top 10 hit te pakken.
Yn ´e Single Top 100 giet it nûmer dizze wike fan 18 nei 10. It is foar it earst sûnt syn perioade mei de Kast dat Syb van der Ploeg werris yn ´e top fan ´e hitlisten stiet. De nije cd fan Syb, ´Heilig Vuur´, komt heal maart út. De cd-presintaasje fan it nije wurk is op woansdei 12 maart yn Poppoadium Romein yn Ljouwert.