Gas ûntsnapt by Makro

© Omrop Fryslân
De Makro op it bedriuweterrein De Hemrik yn Ljouwert hat woansdeitemiddei koarte tiid ûntromme west. Troch in lekkaazje yn in djipfries ûntsnapte der freongas. Klanten hienen dêrtroch yn guon gefallen lêst fan trienjende eagen en lêst fan de kiel.
De bedriuwslieding fan de Makro hat de klanten ôfrekkenje litten en de gruthannel in lyts heal oere sletten. Tsjin healwei fiven koe de Makro wer iepen. Monteurs hawwe it lek makke.