Himmelaksje park Lauwersmar

26 feb 2008 - 11:23

Yn it nasjonaal park Lauwersmar wurdt takom moanne in grutte himmelaksje holden.

Ferskate organisaasjes sille op sneon 15 maart troch it gebiet om ôffal op te rêden. Alle jierren komt der in protte troep yn it nasjonaal park. Foar toeristen is dit net in moai gesicht en foar bisten kin dit gefaarlik wêze. Staatsbosbeheer siket noch frijwilligers om te helpen. Belangstellenden kinne har oanmelde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)