Goeie jiersifers Neways

Neways yn Ljouwert hat yn 2007 tritich prosint mear winst makke as it jier derfoar.
Internasjonaal elektronikabedriuw Neways mei in festiging yn Ljouwert hat yn 2007 tritich prosint mear winst makke as it jier derfoar. Dat hat it bedriuw tiisdei bekend makke. De winst falt heger út as tocht.
Earder joech Neways oan 20 prosint mear winst te ferwachtsjen. Undanks de goeie sifers fan 2007 tinkt it bedriuw it takom jier dreger te krijen troch de delgeande ekonomy.