Wrâldkampioene werom yn Wikel

De nije wrâldkampioene by de junioaren reedriden, Marrit Leenstra, is moandei troch in groep ynwenners fan Wikel feestlik ferwolkomme doe't se thúskaam. Leenstra waard dit wykein yn Sina wrâldkampioene. Dêrmei is se nei Elma de Vries de twadde Friezinne dy't dat presteart.
Tsientallen ynwenners wachten har op mei muzyk en spandoeken. De echte huldiging fynt letter plak, omdat Leenstra noch wedstriden ride moat.