Brân yn filla yn oanbou

Swiere reekwolken by koarte, fûle brân yn filla-yn-oanbou by Ljouwert
In hûs-yn-oanbou yn 'e wyk Blitsaerd yn Ljouwert hat moandei koarte tiid yn 'e brân stien. Yn 'e wyk wurde djoere huzen boud. De wyk leit yn it eardere natuergebiet De Bullepolder. By wurksumheden is de dakisolaasje yn 'e brân flein. Dat joech in grutte reekûntwikkeling.
De brânwacht wie der gau by en koe de skea beheine. Nei alle gedachten rint de skea yn de tsientûzenen euro's.