BFVW jout earste ljipaaipriis

25 feb 2008 - 14:28
  • Foarsizzer earste ljipaai krijt priis BFVW

It Bûn fan Fryske Fûgelwachters stelt wer in priis beskikber foar de foarsizzing fan 'e fynst fan it earste ljipaai. Dejinge dy't de dei en it tiidstip wit te foarsizzen kin in kiker winne.

It earste ljipaai waard ferline jier al op 7 maart fûn. Sa betiid hoecht it dit jier net te wêzen. Der kin noch wol in winterke komme, neffens de organisaasje. Meidwaan kin noch oant 14 maart op info@bfvw.nl

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)