Aldste ynwenner Fryslân 106

25 feb 2008 - 14:23

De âldste ynwenner fan Fryslân is moandei 106 jier wurden. Geertruida_Draaisma fan Ljouwert waard yn 1902 berne yn Den Haach. Se hat gjin bern en hat nea troud west. Dochs hat se genôch oanrin. Geregeld komme har nichten del om har selskip te hâlden.

Neffens frou Draaisma binne in sigaretsje, in gleske wyn en alle dagen in kuierke troch it Rengerspark de yngrediïnten foar in lang en lokkich libben.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)