Tsiispakhûs Balk wurdt sloopt

25 feb 2008 - 12:51

It âlde tsiispakhûs De Volharding yn Balk wurdt moandei sloopt. It pakhûs út 1911 oan 'e Luts is byldbepalend. Der is jierren praat oer de sloop. It gebou stiet al hast sechstjin jier leech en it stiet op ynstoarten. Op it plak fan it âlde tsiispakhûs komme wenten.

It tsiispakhûs sels wurdt herboud. Dat sil net mei de oarspronklike stiennen barre, mar it nije gebou moat wol deselde sfear hawwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)