Jezusstripboek ek yn it Frysk

© Omrop Fryslân
De strip Jezus_Messias fan tekener Willem de Vink ferskynt yn it Frysk. Sjoernalist- kabaretier Ruurd Walinga út Ljouwer hat it boek út it Hollânsk oerset. De provinsje Fryslân jout 1500 euro subsydzje yn it ramt fan de taalbefoardering Frysk by bern. It stripboek is foar basisskoallebern.
Fan 'e Hollânske ferzje binne in heal miljoen eksimplaren ferkocht. Der komt ek in Siuwske edysje út en der is al in Limburchske.