Bedriuwen Beintema net ticht

Neffens kurator Romana Bremer bliuwe alle bedriuwen fan de fallite kasionomiljonêr Willem Beintema út Dokkum iepen. It giet om in brassery yn Dokkum, in eveneminteburo en diskoteek Quatrebras yn Noardburgum. De bedriuwen waarden tiisdei fallyt ferklearre.
Beintema wûn fjouwer jier ferlyn yn it Holland Casino in bedrach fan 2,2 miljoen euro. Troch relasjonele problemen rekke er ek yn de finansjele problemen, seit er sels.