Spoedoerlis oer brede skoalle

25 feb 2008 - 12:17

Boargemaster Schadd fan Boarnsterhim hat moandei in fertroulik spoedoerlis mei de fraksjefoarsitters oer it útlekken fan ynformaasje oer de nijbou fan 'e brede skoallen yn Grou en Akkrum. Omrop Fryslân brocht dit wykein nei bûten dat grutte finansjele ôffallers driigje by de bou.

De tariedingskosten binne hast in miljoen heger en de boukosten soene op dit stuit 15% heger útfalle as tocht. De boargemaster wol no it lek útsykje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)