Bistekwelling by Gaast

25 feb 2008 - 10:19

In 44-jierrige ynwenner fan de gemeente Wûnseradiel is freedtemiddei oanholden foar bistekwelling.

Op it lân fan de man by Gaast leinen fiif deade knobbelswannen. De bisten binne nei alle gedachten ferstrikt rekke en stikt yn triedden dy't sa'n 80 sentimeter boppe de greide spand wiene. De triedden wiene bedoeld om guozzen te ferjeien. It lân wie oanwiisd as guozzegedoochgebiet.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)