Arbeidskrapte yn hoareka

24 feb 2008 - 17:34

De hoareka yn Fryslân bliuwt de sektor dêr't de krapte op de arbeidsmerk it measte byt of noch bite sil, want it seizoen is noch net út ein set. Fan de Waadeilannen is bekend dat it alle jierren hiel dreech is om oan genôch minsken foar de hoareka te kommen.

Op nûmer twa fan de sektoaren mei de grutste krapte op de arbeidsmerk stiet de detailhannel, op trije de yndustry en op it fjirde plak de soarch. It CWI organisearret spesjale aksjewiken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)