Ferfelende man op De Lemmer

24 feb 2008 - 17:28

De plysje fan De Lemmer en de gemeente Lemsterlân sitte flink yn 'e mage mei in 27-jierrige man út Rutten. De man hat al trije kear in ferbliuwsferbod krigen foar De Lemmer, om't er dêr foar in soad oerlêst soarget.

Hy komt lykwols hieltyd werom en skopt dan opnij rotsoai. Under ynfloed fan drank en drugs falt de man winkeljend publyk lestich. De plysje wol no in nij ferbliuwsferbod. Dêrnei moat er twongen opnommen wurde fynt de plysje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)