Bedriging mei fjoerwapen

24 feb 2008 - 16:12

De plysje hat sneontejûn in Ljouwerter fan 18 jier oanholden op fertinking fan bedriging. De man hie earder dy jûn op de Weaze in 32-jierrige stedgenoat bedrige, nei alle gedachten mei in fjoerwapen.

It slachtoffer warskôge fuortendaliks de plysje en dy koe de 18-jierrige oan de hân fan in sinjalemint oanhâlde op de Amelandsdwinger. De man is oerbrocht nei it plysjeburo en sit dêr fêst. It fjoerwapen is net fûn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)