Plan foar Rinsemahûs Drachten

28 mrt 2012 - 17:06
  • Thijs Rinsema

Ien fan de huzen yn de karakteristike Pappegaaiebuert yn Drachten wurdt mooglik ynrjochte as museumwente. Dêr komme de meubels fan Thijs Rinsema te stean. It hûs wurdt ferlike mei it Rietveld Schröderhuis yn Utrecht. Rinsema kriget ek ekstra omtinken yn Museum Drachten. De keunstner kriget dêr in eigen ôfdieling.

Rinsema is in bekende skilder yn de avantgardistyske styl. It museum hat de ôfrûne moannen in tentoanstelling oer syn wurk en it wurk fan syn broer Evert ynrjochte. Dêr kaam woansdei de 10.000e besiker, in echtpear út Amsterdam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)