SP: 'Gjin nij provinsjehûs'

24 feb 2008 - 15:55

Der moat gjin nij provinsjehûs boud wurde. Dat fynt de steatefraksje fan de SP. Freed lekte it nijs út dat de boukosten mooglik tsien miljoen euro heger útfalle. De SP wol noch opheldering fan Deputearre Steaten.

No't it nije gebou noait foar de priis fan 52 miljoen boud wurde kin, moat de stekker der definityf útlutsen wurde, fynt de partij. De measte aktiviteiten kinne wol yn it tydlike gebou oan de Snitsertrekwei bliuwe, fynt de SP.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)