Fragen SP oer SAR-helikopters

24 feb 2008 - 15:49
  • SAR-helikopter

It is noch hieltyd net wis oft de SAR- helikopters yn Ljouwert bliuwe kinne. De provinsjale steatefraksje fan de SP freget no om opheldering. It kabinet wol de heli's fan de fleanbasis yn Ljouwert weihelje en oerbringe nei de marinebasis yn Den Helder.

Oft dat helber is, wurdt op dit stuit ûndersocht. Koartlyn hat kommissaris fan de Keninginne Nijpels mei de minister praat oer de SAR en de SP wol witte wat dêr krekt útkommen is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)