Wiersma wint Frysk damjen

© Omrop Fryslân
Jelle Wiersma hat sneontejûn yn Skearnegoutum it FK Frysk damjen wûn. Hy wûn alle sân partijen yn de kampioensklasse. It is de tredde oerwinning foar de ynwenner fan Wommels dy't damt by de 'Stadige Strikers' yn Skearnegoutum.
Promovendus Folkert Groenveld foarme mei ien punt efterstân noch in bedriging, mar yn de lêste rûnte foel de beslissing yn it foardiel fan Wiersma.