Plan opknappen blazerhaven

© Omrop Fryslân
It gemeentebestjoer fan Nijefurd wol goed 170.000 euro meibetelje oan it plan om de histoaryske blazerhaven yn Warkum op te knappen. De haven by de âlde slûs moat yn âlde styl hersteld wurde.
Ek it opknappen fan de eardere skipstimmerwerf makket diel út fan it projekt. De kosten binne mei-inoar hast 680.000 euro. It grutste part fan it projekt wurdt betelle mei Europeeske subsydzje.