Bousom brede skoallen heger

24 feb 2008 - 12:21

Der driigje foarse finansjele tebeksetters foar de komst fan de brede skoallen yn Grou en Akkrum. It projekt hat earder ek al de nedige fertraging oprûn. En no soe de bousom heger útfalle as ferwachte.

De gemeenterie fan Boarnsterhim is dêr fertroulik oer ynformearre, sa ha boarnen tsjinoer de Omrop befestige. Boarnsterhim wol de nije skoallen bouwe yn de mande mei de Corporatieholding Fryslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)