Sven Kramer kritysk op Thialf

Thialf hat gjin topsportmentaliteit, fynt Sven Kramer (foto: Martin de Jong)
Europeesk- en wrâldkampioen reedriden Sven Kramer driget syn thúsbaan Thialf te ferlitten. Kramer fynt dat Thialf gjin topsportmentaliteit hat. De topreedriders krije te min romte en moatte op min iis traine. Dat iis hat op de publyksoeren in protte te lijen. Kramer fynt dat der fan 't simmer maatregels nommen wurde moatte.
Direkteur Jarko Nieweg seit dat Thialf der in protte oan docht om alles te ferbetterjen. En it moat betelle wurde!