De Vries lit Grand Prix glippe

Sechsde plak Bob de Vries te min (foto Martin de Jong)
Maratonrider Bob de Vries fan De Haule hat de einoerwinning yn de Essent Grand Prix glippe litten. Yn de lêste wedstriid yn it Finske Kuopio einige hy as sechsde. Dêrtroch sakke er yn it algemien klassemint fan it earste nei it tredde plak.
Casper Helling wûn de tocht oer 200 kilometer en pakte dêrmei ek de einoerwinning. Bêste Fries yn Finlân waard Jeroen de Vries út Sint Nyk. Hy einige as fjirde.