Seis spilers fuort by Cambuur

23 feb 2008 - 14:40
  • Jeroen Ketting is ien fan de spilers dy't fuort moatte

Cambuur nimt nei dit seizoen ôfskie fan noch seis spilers. Earder dizze wike krigen Rick Hooijboer en Marinus Dijkhuizen al te hearren dat se fuort moatte. Datselde jildt no foar Ferdinand Katipana, Jeroen Ketting, Kerst Hofman, Jason Trommel, Joris van Rooijen en René van der Weij.

Bennie van Noord en Adnan Barakat krije noch in kâns om harsels sjen te litten. Mei Chris de Wagt sil noch in petear fierd wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)