Oanhâldings yn Drachten

© Omrop Fryslân
Fjouwer jonges út Drachten binne oanhâlden foar it fernielen fan twa ferkearsbuorden. It giet om in jonge fan 16 jier en trije fan 17.
De jonges hellen ôfrûne nacht de ferkearsbuorden fan in muorre oan it Van Knobelsdorffplein. Dêrnei smieten se dermei om. In plysjeman seach dat en hat mei syn kollega's it groepke oanhâlden. De jonges binne oerbrocht nei it buro.