Bargebiten op 'e Lemmer

© Omrop Fryslân
In 21-jierrige autobestjoerder fan De Lemmer is sneon yn syn wenplak oanfallen troch twa manlju. De Lemster waard op de Fiskersbuorren klemriden troch in oare autobestjoerder. Dy man makke spul om't de Lemster him gjin foarrang jûn hawwe soe.
De passazjier fan de lilke man kaam ek de auto út en begûn mei in bûslampe op it foarrút fan de Lemster te slaan. Dêrby waard de Lemster rekke troch de bûslampe en splinters fan it glês.