Spits Wolvegea nei Genemuiden

23 feb 2008 - 13:04

Oanfaller Gabe Teun Top fan FC Wolvegea spilet takom seizoen by sneonshaadklasser Genemuiden. De 30- jierrige spits is dit seizoen goed foar 26 goals yn 14 wedstriden. Hy wurdt de opfolger fan Klaas Johan Knevelman dy't nei ONS Snits giet.

Top is dwaande oan syn tredde seizoen by Wolvegea. Earder spile er foar Hearrenfeanse Boys en de Ljouwerter Sweltsjes.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)