Bern hingje fûgelhúskes op

23 feb 2008 - 12:59

Sa'n 40 skoalbern hawwe sneon fûgelhúskes ophongen yn de beammen fan it Zamenhoffpark yn Ljouwert. It park wurdt foar 3,5 ton opknapt en it ophingjen fan de nestkastjes is ûnderdiel fan dy opknapbeurt.

De skoalbern folgje tenei alle aktiviteiten yn de fûgelhúskes en jouwe it troch oan de Fûgelwacht. Sa moatte se mear leare oer fûgels. Yn maaie moat it Zamenhoffpark klear wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)