Ferlies Flyers yn Den Haach

© Omrop Fryslân
De Flyers fan It Hearrenfean hawwe freed de twadde heale finale wedstriid yn en tsjin Den Haach mei 2-1 ferlern. Yn de earste perioade kamen de Flyers op in 1-0 foarsprong. Yn power-play makke Oriël McHugh de 1-0 foar de Feansters. Yn de twadde perioade makke HYS Den Haach de lykmakker.
De wedstriid waard beslikke yn de tredde perioade yn it foardiel fan Den Haach. Takom wike sneon wurdt op Thialf de tredde wedstriid spile.