Cambuur pakt spektakulêr punt

© Omrop Fryslân
Cambuur hat freed yn in spektakulêre wedstriid mei 4-4 lykspile tsjin Veendam. Dominik Stikel en Mark Veldmate setten Veendam op in 2-0 foarsprong. Jurrick Juliana brocht de stân op 2-1, wêrnei't Ruben Schaken der 3-1 fan makke.
Doe like de wedstriid spile mar yn de lêste 10 minuten waard noch 4 kear skoard. Juliana, Mboua en Dijkhuizen diene dat foar Cambuur, Schaken skoarde nochris foar Veendam.