Kramer nei WK ôfstannen Nagano

22 feb 2008 - 21:31

Reedrider Sven Kramer hat him freed yn Thialf op It Hearrenfean op de 1500 meter pleatst foar it WK ôfstannen yn Nagano.

Kramer wie mei 1.45.87 de bêste Nederlanner op de 1500 meter by de finale fan de wrâldbeker. De wrâldbeker gie ferrassend nei de Amerikaan Shani Davis. Simon Kuipers hie de bêste papieren mar einige op in teloarstellende njoggende plak. Mark Tuitert pleatste him ek foar Nagano.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)