55 km te hurd by Kollumerpomp

© Omrop Fryslân
By in snelheidsoertreding op de Kwelderdyk by Kollumerpomp is freedtemiddei it rydbewiis fan in 44 jierrige automobilist út Ternaard troch de plysje yn beslach naam.
De man riid 135 wylst dêr 80 km tastien is. De plysje kontrolearre mei in lasergun. Nei in achterfolging koe de fertochte úteinlijk by Zoutkamp oanholden wurde.