Winkelhert Harns wurdt opknapt

De Foarstrjitte yn Harns yn 'e simmer
De opknapbeurt fan 'e Foarstrjitte fan Harns is freed fan start gien. De kommende njoggen moanne wurdt de winkelstrjitte foar twa miljoen euro ferbettere.
Auto's wurde safolle mooglik út 'e Grutte Bredeplaats en de Foarstrjitte weihâlden. Beide strjitten binne fan 15 april oant 15 oktober ôfsluten foar it ferkear. Nei de werynrjochting bliuwe der minder parkearplakken oer as oars.