Wichtige CD-roms poater

22 feb 2008 - 16:21

De Helpferlieningstsjinst Fryslân mist CD-rom's mei gegevens fan bern. It giet om de persoansgegevens sa't dy't yn de gemeentlike basisadministraasje stean. Dêrfan binne 31 CD-rom's nei in bedriuw stjoerd dat se ferwurkje moat, fan elke gemeente ien. Mar it bedriuw hat mar 29 CD's krigen.

De ynstânsje sil oanjefte dwaan by de plysje. De ûntbrekkende CD-roms binne fan 'e gemeenten Dongeradiel en It_Hearrenfean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)