Swimbaden yn 'e ferkeap

Swimbad Schatzenburg stiet te keap
De swimbaden Skatzenburg yn Menaam en Barradiel yn Tsjummearum stean te keap. Eigner Van Booma wol him mear talizze op de ferkeap fan kavels en it behear fan beide rekreaasjeparken. Der wie earder spul oer de tagongspriis fan swimbad Skatzenburg. De nije eigner moat it bad Schatzenburg noch wol in skoft iepen hâlde. Mei it bad Barradiel kin de eigner dwaan wat er wol, neffens Van Booma. Beide baden kostje 125.000 euro.