Marrit Leenstra op WK yn foarm

Marrit Leenstra (foto: Martin de Jong)
Marrit Leenstra giet nei de earste dei fan it wrâldkampioenskip reedriden foar junioaren yn it Sineeske Changchun oan de lieding. De reedrydster fan Wikel waard twadde op de 500 meter yn 40,33. De oerwinning wie foar thúsrydster Lu Zhang yn 39,05.
Op de 1500 meter wie Marrit fierwei de sterkste yn 2.02,24. Justine L'Heureux (Kanada) waard twadde yn 2.04,92 en Nederlânsk kampioene Roxanne van Hemert tredde yn 2.05,90.