'Spion' op trening Hearrenfean

Drost wie stjoerd om twa wedstriidballen te lienen.
De Hearrenfean-seleksje hie freed in bysûndere gast op 'e training. Jeroen Drost, yn 'e winter ferhierd oan NEC, stie yn 'e rein te sjen nei syn eardere teamgenoaten. Drost wie troch trainer Mario Been stjoerd om twa wedstriidballen te lienen.
Gertjan Verbeek joech dêr tastimming foar yn ruil foar wat ynformaasje. Drost sit op 'e bank by NEC. Syn broer Henrico spilet by Hearrenfean sintraal achteryn.