Kraan yn 'e sleat op N381

© Omrop Fryslân
Op de N381 by Appelskea is in kraanwein yn de sleat rekke. De wei is op dit stuit ôfsletten om de kraan derút te takeljen. De ferwachting is dat dat noch wol in pear oeren duorje kin. Salang wurdt ferkear omlaat oer Appelskea sels.
By it ûngelok is gjinien ferwûne rekke. Wol is der oalje út 'e kraanwein de sleat yn streamd. It wetterskip hat skermen pleatst om foar te kommen dat de oalje fierder rint.