Sintrale As: Ideeën leverje

© Omrop Fryslân
Omwenners fan de dyk Dokkum-Nijegea kinne sels ideeën oanleverje foar de nije dyk. Sa komt de Sintrale As om Garyp hinne te lizze. Foar de ynwenners fan it doarp wie tongersdei in ynformaasjejûn dêroer. Der wiene in soad belangstellenden op ôf kaam.
De provinsje wol dat de nije dyk de natuer en it lânskip sa min mooglik fersteurt. In foarbyld binne in rige beammen sadat flearmuzen it paad net bjuster reitsje.