Brânbulten yn Dokkum ferbean

22 feb 2008 - 10:04

Ynwenners fan Dokkum meie tenei gjin ôffalbulten mear yn 'e brân stekke yn de Aldjiersnacht. Dat sei wethâlder Rudolf Boersma by de riedsfergadering fan tongersdei.

By de jierwiksel waard ûnder oare ôffal ynsammele en yn brân stutsen oan 'e Einekoer en de Parasjúte yn de stêd. Dêr moast de brânwacht noch by komme, omt de bult te betiid yn brân stutsen waard. As it oan de wethâlder leit, hat dat foar de lêste kear west.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)