F'diel sil doarpshuzen stypje

© Omrop Fryslân
De gemeente Frjentsjerteradiel komt mei plannen om de doarpshûzen yn de gemeente te stypjen. De measte doarpshûzen ha jildpine en kinne dreech rûnkomme. Sa is it doarpshûs fan Hjerbeam sa goed as fallyt.
De ried wol dat it doarpshûs mear brûkt wurdt as multifunksjoneel sintrum mei plak foar biblioteken, skoallen en ferienings. Amtners kinne helpe om goed belied út te tinken. Foar Hjerbeam komt in rêdingsplan.