Tsjummearum brûns op WK

21 feb 2008 - 18:36

De toulûkers fan Tsjummearum ha tongersdei op de wrâldkampioenskippen yn it Italjaanske Faenza brûns wûn yn de kategory oant 640 kilo. It achttal moast twa ploegen út Ierlân foargean litte. Yn de striid om it brûns waard Ingelân ferslein. Der diene 24 klubteams mei yn dizze klasse.

It WK yn Itaalje duorret noch oant en mei snein. Yn it wykein lûke de lanneploegen op dit WK. Ek hjir is in aardige Fryske ynbring.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)