ACP: net akkoart mei Ter Horst

© Omrop Fryslân
De Fryske leden fan de Algemene Christelijke Politiebond geane lykas dy fan 'e Nederlands Politiebond en de ANVP net akkoart mei it einbod fan de minister Ter Horst. Dat ha sa'n 220 leden fan de ACP tongersdei witte litten op in byienkomst yn Drachten.
It bûn fynt dat se noch hieltyd net searieus naam wurdt troch de minister. Oer in lytse twa wike moat bekend wêze hoe't der troch de bûnen oer it foarstel fan de minister tocht wurdt.