De Wagt mei by Cambuur bliuwe

Chris de Wagt krijt in nije oanbieding fan Cambuur
Cambuur-ferdigener Chris de Wagt kin by Cambuur bliuwe. It kontrakt fan de Snitser rûn nei dit seizoen ôf. De Wagt hat fan direkteur Alex Pama te hearren krige dat de klub mei him om tafel wol oer in nij kontrakt. Dat petear sil nei alle gedachten yn maart plakfine.
De Wagt spilet al trije jier yn it earste fan Cambuur. Dit jier spile hy oant no ta 19 wedstriden en skoarde dêryn fjouwer kear.