Ketellapper: 9 wike gjin APK

Reitze Ketellapper mei 9 wike lang gjin APK-keurings útfiere
It garaazjebedriuw fan Reitze Ketellapper fan Koarnjum mei 9 wike gjin apk-keurings dwaan. Dat hat de bestjoersrjochter tongersdei bepaald.
Ketellapper krijt de straf omt er in administrative flater makke hat. Ien fan 'e auto's dy't keurd wie stie net by de garaazje op it momint dat de Rykstsjinst foar it dykferkear (RDW) him besjen woe. Om de kwaliteit fan it wurk te kontrolearjen docht de RDW sa no en dan in stekproef.