Toeter fuort by dokterswacht

21 feb 2008 - 12:30

Algemien direkteur Herman Toeter hat dien krigen by Dokterswacht Friesland. Dat is woansdei besletten troch de Raad van Toezicht. Der wie al langere tiid sprake fan in 'spannings' tusken de Raad van Toezicht en Toeter.

Bemiddeling tusken de partijen, dêr't ein ferline jier mei begûn wie, hat neat opsmiten. Toeter soe te min draachflak by de meiwurkers hawwe. Hij wurdt opfolge troch âld-wethâlder Frans Bouwers fan Hearrenfean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)